Reorganisaasje by Hartman

09 jun 2014 - 16:56

Direksje en fakbûnen hawwe in akkoart sletten oer in grutte reorganisaasje by túnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum. Alle meiwurkers moatte op 'e nij sollisitearje nei in baan by it bedriuw. Sy krije dan in leger salaris. Sa moat in heal miljoen besparre wurde.

De maatregels binne neffens direkteur Bergstra nedich omdat de leankosten fierste heech wurden binne. Foaral dy kosten bringt de konkurrinsjeposysje fan Harman yn gefaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)