De Jong fjirde yn Blijham

Jannick de Jong © Bert Swarts
Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk wist moandei by de ynternasjonale speedwayrace yn Blijham krekt gjin poadiumplak te pakken. De Jong einige as fjirde. De Gordykster ried goede heats, mar koe it yn de finale krekt net oprêde.
De winst gong oertsjûgjend nei de Poal Wojciech Lisieckie, dy't al syn heats wûn. Lângenoat Mariusz Staszweski waard twadde, folge troch de Dútser Rene Deddens. Dirk Fabriek út Jobbegea einige as achtste.