Earste fytsers binnenkaam

09 jun 2014 - 15:06
  • Trochkomst Marsum

De earste dielnimmers fan de fytsalvestêdetocht binne om goed healwei twaen oer de finish kaam. Yntusken binne al hûnderten dielnimmers oer de einstreek kaam, meldt organisator Stephan Rekker. Hy is tige te sprekken oer it ferrin fan de tocht oant no ta. It is neffens him goed fytswaar en de dielnimmers hawwe net folle lêst fan de waarmte.

Op twitter waard sprutsen oer fytsers dy't net goed waarden, mar Rekker koe net sizze hoefolle oft dat wienen. It tal falpartijen is net heger as oars, lit er witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)