Anouska Koster kampioen

Anouska Koster © awfoto.nl
Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen is pinkstermoandei kampioen wurden by de distriktskampioenskippen yn Baflo. Koster wûn foar Geerike Schreurs út Zwolle, dy't twadde waard. It brûns wie foar Marije Joling. Súkses wie der ek foar Jeen de Jong út Britsum. It hurdfytstalint fan de Ljouwerter klup De Friese Leeuw pakte by de junioaren de titel. Jurjun van der Velde fan Bakkefean waard twadde, Marten Kooistra fan Jonkerslân tredde. Aafke Soet fan It Hearrenfean waard kampioen by de juniorfroulju.
By de beloften gong de winst nei Elmar Reinders. Twadde waard Patrick van der Duin, tredde Stef Krul fan Tsjalbert. By de elite wûn Bert-Jan Lindeman, foar Paul de Haan en Arjan Elferink.