'Frisia moat Dútsk sâlt brûke'

09 jun 2014 - 12:46

Frisia Sâlt yn Harns hoecht net ûnder de Waadsee nei sâlt te boarjen, mar kin sâlt brûke dat frijkomt by de gasopslach yn Dútslân. Dat seit de Waadferiening.

Yn Jemgum binne se dwaande mei it útspielen fan kavernes. Dat binne holtes ûnder de grûn dy't brûkt wurde moatte foar ierdgasopslach. It sâlt dat by it útspielen nei boppen pompt wurdt, komt no fia de Eems yn de Waadsee telâne. Dêrmei wurdt it wetter hjir ekstra sâlt. Dat sâlt kin better brûkt wurde troch Frisia. Waadseeboarrings hoege dan net mear, neffens de Waadferiening.

De kâns op grûndelgong yn de Waadsee is mei it brûken fan Dútsk sâlt fan de baan. Neffens wurdfierder Esmé Gerbens fan de Waadferiening is it in win-win-situaasje dy't boppedat praktysk helber is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)