Feankleaster lûkt 4000 man

It pinksterfeest fan Feankleaster hat dit wykein mei-inoar sa'n 4000 minsken lutsen. Op de tsjinst yn de bosk by it doarp kamen op pinkstermoandei mear as 2000 minsken ôf. It tema fan it pinksterfeest wie dit jier 'Stel je voor'. It pinksterfeest fan Feankleaster wurdt mei mooglik makke troch tsientallen frijwilligers. Dy setten moarns betiid it hiele doarp ôf foar trochgeand ferkear.
Njonken Feankleaster wiene yn Fryslân ek pinksterfeesten yn Wynjewâld en yn Sint Jabik.
Neffens de organisaasje fan it feest yn Feankleaster lûkt de tsjinst yn 'e bosk in soad minsken dy't oars net faak yn tsjerke komme. Krekt dêr is it de organisaasje om te dwaan.