Dronken by slachbeam op riden

09 jun 2014 - 12:20

In 32-jierrige Ljouwerter is snein oanhâlden foar fernielings en it riden mei drank op. De man ried mei de auto op de Suderhaven yn Harns tsjin in slachbeam oan. In tsjûge seach ek noch hoe't de man de rutewiskers fan in oare auto stikkenmakke.

By kontrôle op it plysjeburo die bliken dat de Ljouwerter te folle alkohol dronken hie. It rydbewiis fan de man is ynnaam en hy krige in boete.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)