Jild stellen yn haven Harns
De plysje yn Harns siket tsjûgen fan de stellerij fan jild út in automaat by in dûs- en waskgelegenheid. De stellerij yn 'e haven wie sneontejûn. It foarbygonger seach it. Dy besocht om de twa oan te hâlden, mar dat mislearre.
De fertochte manlju naaiden út op in fyts mei in bernesitsje.