Ungelok by Easterlittens

Ambulânse © ANP XTRA
Op de Froonackerdyk yn Easterlittens is op 'e moarn fan pinkstermoandei in 29-jierrige frou út De Jouwer ferwûne rekke. Se kaam troch noch ûnbekende oarsaak mei de auto yn de berm telâne. De frou woe de dyk wer opride, mar dat mislearre en se kaam njonken in sleat ta stilstân.
It slachtoffer is mei ferwûnings oan it gesicht en de earm nei it sikehûs brocht.