Earste autopetters by finish

De earste autopetters kamen snein krekt foar healwei fiven oan by de finish yn Boalsert. Mei syn trijen wiene Ane-Jan Knol út Boalsert, Rosanne Reijne út Woudenberg en Erik Bakker út Easterbierrum de rapsten op de Alvestêderûte. Tûzenen minsken stienen har op te wachtsjen, mei muzyk fan de kapel.
Rosanne Reijne wie tefreden oer de tocht. Earder wûn se it NK, EK en WK. Har heit Mario die foar de 27e kear mei. Op de tongerbui sneontenacht yn Hallum nei is de tocht mei 176 steppers goed ferrûn mei mar in pear útfallers.