Gjin promoasje by Snitser LSC

Fuotbal © Omrop Fryslân
De fuotballers fan twaddeklasser LSC út Snits binne der net yn slagge te promovearjen nei de earste klasse. Op eigen fjild wûnen de Snitsers mei 4-2 fan Rolder Boys. Dat wie lykwols te min om it 5-1 ferlies fan ferline wike goed te meitsjen. Tim Postema sette LSC betiid op foarsprong, mar net lang dêrnei foel de lykmakker. Nei in healoere makke Floris Bok de 2-1, wêrnei't fuort ek wer de 2-2 op it boerd stie. De Snitsers namen foar it skoft op 'e nij de lieding. Nei rêst soarge Theo Idema foar de 4-2 en moast Rolder Boys mei 10 man fierder.
LSC wist hjir net fan te profitearjen. De ploech spilet dêrtroch takom jier op 'e nij yn de twadde klasse.