Kafee noch ticht om beswier

08 jun 2014 - 16:02

It kafee fan eigener en útbater Freek Kramer, njonken it teater fan Snits, is noch hieltyd net iepen. Fanwege beswieren fan omwenners tsjin it terras dat Kramer oanlizze wol, hat de gemeente de hoarekafergunning noch net ôfjûn. Kramer hie fjirtjin dagen lyn al begjinne wollen. Hy hopet no dat it dizze wike yn oarder komt.

It buertkomitee fan de omwenners is poer op it terras tsjin. Neffens foarsitter Wim Faber feroarsaket it tefolle lûdsoerlêst. As de fergunning der komt, sil ûndersocht wurde oft der noch oare aksjemooglikheden binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)