Hearrenfean en AZ diele punten

26 feb 2012 - 18:42

SC Hearrenfean hat mei 3-3 lykspile tsjin nûmer twa AZ. Yn in fol AFAS stadion waard it publyk yn de twadde helte traktearre op in wier spektakelstik.

Yn de 26e minút sette Jozy Altidore AZ op foarsprong. Dat wie ek de stân by it skoft. Filip Djuricic makke nei 10 minuten spyljen 1-1. Net lang dêrnei wie it opnij Altidore dy't AZ op foarsprong sette. Bas Dost tekene foar de lykmakker. Efkes liken de punten mei nei Fryslân te gean, doe't Luciano Narsingh de 3-2 binnen skeat. It slotakkoart wie foar AZ, mei de lykmakker fan Erik Falkenburg.

SC Hearrenfean sakket troch it lykspul nei it fjirde plak. De ploech fan Rons Jans stiet ûnder PSV, AZ en FC Twente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)