VC Snits wint fan Peelpush

26 feb 2012 - 17:34

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneintemiddei mei 3-1 wûn fan Peelpush. It is in wichtige oerwinning dy't de Snitsers wer in stap tichterby de play-offs bringt. Dêrfoar moat Snits op it fyfde plak einigje.

De winst wie boppedat ek in mentale opstekker foar de ploech fan Petra Groenland, dy't de ôfrûne wiken twa kear op rige mei 3-0 ûnderút gong tsjin Kindercentrum en Weert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)