Bussen op reserve by min waar

08 jun 2014 - 13:38
  • Dielnimmers Fytsalvestêdetocht

De organisaasje fan de fytsalvestêdetocht op pinkstermoandei hat alfêst kontakt lein mei ferfiersbedriuw Connexxion om yn gefal fan need in pear tûzen fytsers werom te bringen nei Boalsert. Foar moandeitejûn wurde swiere rein- en tongerbuien foarsein, mei hagel en swiere wynstjitten. It is no noch net dúdlik wêr't dy buien krekt oerkomme. As dy oer it westen fan de provinsje geane, soe dat foar problemen soargje kinne by de tocht.

Jûns nei seizen is noch de helte fan de 15.000 fytsers ûnderweis.

De fytsalvestêdetocht wurdt foar de 78ste kear hâlden. De rûte is foar in grut part gelyk oan de rûte fan eardere kearen. Allinnich om Ljouwert hinne binne grutte oanpassings dien, yn ferbân mei de oanlis fan de Heak om Ljouwert. De fytsers geane no dwers troch Marsum, wylst sy dêr oars omhinne gienen.

Nij is ek de weryntroduksje fan it útdielen fan sûpe yn Starum. De lêste jierren waard sportdrank útdield, mar de organisaasje krige in tal fersiken om de âlde tradysje yn eare te werstellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)