Te jong en dronken brommerride

26 feb 2012 - 13:38

Twa jonges fan 15 jier binne sneontenacht oanhâlden foar dronken brommerriden. De iene jonge kaam út Snits. Njonken dat er tefolle alkohol op hie, hie er ek gjin helm op en wie de brommer net fersekere. Fansels koe er ek gjin bromfytssertifikaat sjen litte. De plysje hâlde him oan op de Scherhemstrjitte.

Yn Ljouwert trapearre de plysje oan it Lekkumerein in 15-jierrige op dronken riden sûnder rydbewiis. Beide jonges krigen in proses-ferbaal

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)