Frou tas út hannen weilutsen

26 feb 2012 - 13:16

Yn Ljouwert is sneontenacht in 19-jierrige frou út Burgum fan har tas berôve. Dat barde doe't se mei in freondinne nei har parkearde auto oan de Doelestrjitte rûn. In man fytste op in stuit tusken beide froulju troch en luts ien fan harren de tas út de hannen wei. Hy waard wei yn de rjochting fan de Grienewei.

It slachtoffer belle daliks 112 en joech in dúdlik sinjalemint troch fan de dieder. De 32-jierrige Ljouwerter is eefkes letter oanhâlden yn de Minnemastrjitte. De man sit fêst op it plysjeburo foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)