Mei glês yn gesicht stutsen

26 feb 2012 - 12:53

Yn Snits is in 18-jierrige jongeman út Drylts sneontenacht mei in stikken bierglês yn it gesicht stutsen. Dat wie yn hoarekagelegenheid oan de Kruizebroederstrjitte. In 22-jierrige Snitser is oanhâlden op fertinking fan de mishanneling.

It slachtoffer is troch freonen nei it sikehûs brocht foar behanneling. De plysje hat de fertochte oerbrocht nei it plysjeburo. Hy sit dêr fêst foar ferhear. It slachtoffer út Drylts hat oanjefte dien fan de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)