Eigen frou by de kiel pakt

26 feb 2012 - 12:43

Op It Hearrenfean is sneontenacht in man (46) oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling fan syn eigen frou. Hy soe har by in rûzje ferskate kearen by de kiel pakt hawwe. Omwenners waarden wekker fan it razen fan de frou en bellen 112.

De plysje hat de man foar ûndersyk meinaam nei it buro. De frou is nei it sikehûs brocht foar medysk ûndersyk. Sy hat oanjefte dien en krijt slachtofferhelp. De man krige proses-ferbaal. Hy mei boppedat tsien dagen gjin kontakt hawwe mei syn frou yn it ramt fan de Wet Tydlik Húsferbod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)