Boargerwacht Sint Nyk op proef

26 feb 2012 - 11:22

De nije boargerwacht tsjin ynbraken yn Sint Nyk begjint kommende wike mei proefdraaien. Oant no ta hawwe mear as 40 ynwenners har opjûn. Groepkes fan twa persoanen ride dan mei in auto troch it doarp, om foar te kommen dat der ynbrutsen wurdt. Fan 1 oktober ôf moat de boargerwacht echt draaie. Dêrfoar binne wol op syn minst 60 frijwilligers nedich. De dielnimmers hoege dan mar ien kear yn de moanne in nacht mei te dwaan.

De boargerwacht rydt yn eigen auto's, mar krijt wol spesjale buorden dy't mei magneten fêstmakke wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)