Kontrôles op Schatzenburg

Menameradiel lit útsykje oft rekreaasjepark Schatzenburg brûkt wurdt foar permaninte bewenning. Dat is neffens it bestimmingsplan net tastien. In spesjaal buro sil it ûndersyk útfiere. De meiwurkers fan it buro rinne oer it terrein, mar sille bewenners fan de sjalets ek oansprekke en freegje hoelang't se bliuwe.
Yn it bestimmingsplan stiet ek dat Schatzenburg net brûkt wurde mei troch minsken dy't yn de buert wurkje. Bûtenlânske wurknimmers yn de kassen yn Berltsum meie neffens de regels fan de gemeente net op Schatzenburg oernachtsje.