Jubileum Friesche Motorclub

DIelnimmers oan de alvestêdetocht foar motors yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De alvestêdetocht foar auto's, motors en soleksen belibbet pinkstermoandei in spesjale edysje. De organisearjende Friesche Motorclub bestiet 100 jier en it is foar de 79ste kear dat de tocht organisearre wurdt. De alvestêdetocht foar motors is dêrmei it faakst organisearre. Dy fan de fytsers is wol âlder, mar waard foar de oarloch frij ûnregelmjittich hâlden.
Yn ferbân mei it jubileum binne de stimpelposten ekstra feestlik oanklaaid. Ek is de rûte wat oanpast, motorriders meie no dwers troch Harns ride. Der binne hast 3800 dielnimmers.