Man pakt foar heling yn Snits

© Omrop Fryslân
Yn Snits is sneontejûn in 32-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar heling. De man ferkocht op strjitte kompjûterspultsjes en fersoargingsprodukten tsjin lege prizen. Omstanners fertrouden it net en warskôgen de plysje. Doe't dy kaam, wegere de man om it spul - dat er yn in tas by him hie - sjen te litten. Hy fersette him en misledige de plysjeminsken. De man is yn de sel set foar ferhoar. It spul dat er by him hie, is yn beslach nommen foar ûndersyk.