Kers wint fan Van der Werf

Koos Jeroen Kers fan Amstelveen hat sneontejûn de 15e ronde fan Boalsert wûn. Yn de einsprint wie hy rapper as Teake Piet van der Werf fan Dearsum. Dizze beide hurdfytsers ûntsnapten yn de finale út de njoggen man sterke kopgroep. Jan Bos fan Bontebok waard de tredde man op it poadium. Taeke Oppewal fan It Hearrenfean waard fiifde. It publyk yn Boalsert seach in moai kritearium mei in protte striid.