Nij plein yn Noardwâlde iepene

Op in feestlike manier is it nije Tramhalteplein yn Noardwâlde iepene. It wie neffens guon bewenners nedich dat it plein der kaam. Op de lokaasje fan it plein wie earst in stik lân dêr't faak hûnestront lei. Direkteur Pieter Jonker fan it Nationaal Vlechtmuseum is ek bliid mei de nije situaasje. Syn museum is no ek better sichtber út it sintrum wei.