Fleanbasis ûntfangt sike bern

07 jun 2014 - 15:48
  • F-16 op de Fleanbasis Ljouwert

Fyftich slim sike bern fan 6 oant en mei 17 jier wiene sneon te gast op de fleanbasis yn Ljouwert. De bern en harren âlden, famylje en fersoargers mochten te fleanen mei lytse fleantúchjes. Dêrneist wiene der demonstraasjes fan de SAR-helikopter en it F-16-demonstraasjeteam.

De dei wie in inisjatyf fan stifting Hoogvliegers, dy't de bern in moaie dei besoargje wol. De keninklike luchtmacht stelde de fleanbasis beskikber. Troch de demonstraasjes en de oare fluchten wie it drokker yn de loft boppe Ljouwert en omkriten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)