Peijedei yn Drachten

07 jun 2014 - 15:32
  • Wessel Klooster op Peijedei 2014

Hast 20.000 besikers wurde sneon yn Drachten ferwachte. Dêr wurdt foar de 39e kear Peijedei organisearre. Dat is in strjitfestival mei tsien poadia. De hiele middei is der muzyk, teater en dâns yn it sintrum fan Drachten.

Dit jier is der in nij poadium yn de Westerstrjitte dat spesjaal bedoeld is foar jonge Fryske singer-songwriter-talinten. Fierders is der ek foar it earst in jûnsprogramma by it Thalenpark yn Drachten. Oan it jûnsprogramma dogge ûnder oaren de Fryske Troubadours en de folkband Rapalje mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)