Rekôrtal alvestêde-autopetters

Steppers Mario en Rosanne Rijne © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De stepalvestêdetocht lûkt dit jier in rekôrtal dielnimmers. Op de startlist steane 175 manlju en froulju, tsien mear as ferline jier. Fiif jier ferlyn lei it tal dielnimmers noch om de hûndert. Opfallend is ek it grutte tal nije dielnimmers. Dat binne in goede sechstich.
De 29e edysje fan de alvestêdetocht foar autopets giet sneontenacht om tolve oere fan start en folget presys deselde rûte as de fytsers pinkstermoandei. De earste dielnimmers wurde snein om oere of 4 werom yn Boalsert ferwachte.
Sneontejûn en -nacht wurde swiere buien ferwachte, mar de organisaasje hat in tal plakken regele, dêr't de dielnimmers skûlje kinne.