Alarm yn pin Grou ûntploft

Pinautomaat Grou ôfset nei eksploazje alarm © Anton Kappers
Troch in technyske steuring is freedtejûn it gasalarm fan in pinautomaat yn Grou ôfgien. In silinder dy't bedoeld is om te warskôgjen tsjin gas dat brûkt wurdt by plofkraken, wie troch in steuring ûntploft.
Om't earst net dúdlik wie wat der krekt bard is, stelden de plysje en brânwacht in ûndersyk yn. De omjouwing waard mei linten ôfset. De automaat is foarearst net te brûken.