Alvestêdefytsers al yn Fryslân

Boalsert en omkriten rint al in pear dagen fol mei dielnimmers oan de fytsalvestêdetocht. It evenemint is, lykas alle jierren, op pinkstermoandei, dus no moandei. In soad dielnimmers dy't fan omfierrens wei komme, binne alfêst ôfset nei Fryslân. Se meitsje der in moai wykein fan, ek fanwege it moaie waar. Ien fan dy plakken dêr't se delstrike, is kemping Mounewetter yn Wytmarsum.
Njonken de fytsalvestêdetocht is op twadde pinksterdei ek de alvestêdetocht op de autopet.