Drankrider botst op beam

07 jun 2014 - 11:05

In 44-jierrige drankrider út Winsum is freedtejûn mei de auto tsjin in beam botst. De man hie op de Spannumerdyk by Winsum syn auto net mear yn 'e macht en rekke fan de dyk.

Meiwurkers fan de ambulânse hawwe de Winsumer ûndersocht, mar hy mankearde neat. Ut in blaastest die bliken dat er tefolle alkohol op hie. Der is proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)