Wer sânskulptueren yn Snits

07 jun 2014 - 10:55
  • Sânskulptuerfestival fan ferline jier
  • Keunstner al begûn op Sânskulptuerefestival yn Snits
  • De bekistingen mei sân stean al klear

Yn Snits wurdt sneon begûn mei it meitsjen fan de earste fan mei-elkoar tritich sânskulptueren. Foar de twadde kear is yn de Wetterpoartestêd in sânskulptuerfestival, mei dêrby it Nederlânsk kampioenskip. Dat fynt plak op it Flexaparkearterrein oan de Toppenhuzerwei. As tarieding binne earder al grutte bekistings mei sân folsmiten.

Ferline jier wie it festival foar it earst yn Snits. Doe kamen der hast 50.000 besikers op ôf. De organisaasje hopet dat dit jier wer safolle belangstellenden komme.

De sânbylden wurde makke troch tsien Nederlanners en acht keunstners út it bûtenlân, ûnder oare Tsjechië, Ruslân, Portugal en Spanje. De dielnimmers oan it Nederlânsk kampioenskip begjinne tiisdei. De prizen wurde nije wike sneon útrikt. Dêrnei binne de skulptueren te besjen foar publyk.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)