Lintsje frijwilliger De Pomp
Sijbe Koster (68) fan Kollumerpomp is freedtejûn beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Koster hat in soad frijwilligerswurk dien op Skylge en yn Kollumerpomp. Sa wie er belutsen by de fuotbalferiening, de skoalle, it fersoargingshûs, de tsjerke, it koar en it doarpshûs.
Koster krige it lintsje út hannen fan boargemaster Bearn Bilker yn doarpshûs Trefpunt yn Kollumerpomp.