'SC Hearrenfean rint jild mis'

06 jun 2014 - 21:01

De Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen rint tûzenen euro's mis, no't Vivianne Miedema transferfrij oerstapt nei Bayern München. Dat seit trainster Jessica Torny fan de klup. Sy snapt net dat Miedema net ûnder in trochrinnend kontrakt stie by Hearrenfean. De transfer nei Bayern München soe dan foar ekstra jild soargje kinne. Torny hopet dat de stifting dêr't de fuotbalfroulju ûnder falle, leart fan de transfer fan Miedema.

De topspits makke freed bekend nei trije seizoenen by SC Hearrenfean nei de Dútske topklup Bayern München te gean.

Vivianne Miedema spile freedtejûn mei it frouljusteam de lêste wedstriid fan it seizoen. Op sportpark Skoatterwâld spile de ploech tsjin ADO Den Haag. De ploech fan Miedema wûn mei 4-1. Miedema skoarde sels twa kear en hat no 39 kear skoard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)