Boat yn striid tsjin loazing

By it Snitsermar is freedtemiddei in smoarchwetterboat yn gebrûk naam. Dat is in boat dy't it smoarge wetter út tanken fan boatsjes fuort pompt. It is ferbean om smoarch wetter te loazen, mar dochs wurdt dat noch wol hieltyd in soad dien, seit deputearre Jannewietske de Vries.
Mei help fan dizze boat hopet de provinsje dat rekreanten hjir yn de takomst better om tinke sille. De smoachwetterboat sil de kommende trije jier simmerdeis ynsetten wurde. Meiwurkers fan Empatec betsjinje de boat.
Fierder wurdt der ek sjoen oft der in systeem ûntwikkele wurde kin dat op boaten sels it smoarge wetter ferwurket. Foar it hiele projekt is ien miljoen euro útlutsen en dat wurdt opbrocht fanút de Nuon-jilden.