Gjin treinen nei Bûtenpost

Ien fan de lytsere spoartrajekten yn Fryslân
Der ride op it stuit gjin treinen tusken Hurdegaryp en Bûtenpost. Ferfierder Arriva set bussen yn. Reizgers moatte rekken hâlde mei mear as in oere fertraging.
Nei ferwachting is de steuring om njoggen oere hinne wer ferholpen. Tongersdei rieden der ek al gjin treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost. Doe wie tongerynslach de reden fan de steuring.