Nij polyklinykgebou Drachten

06 jun 2014 - 19:22
  • Nij Smellinghe yn Drachten

It nije polyklinykgebou fan sikehûs Nij Smellinghe giet nije wike tiisdei iepen. De bou fan it kompleks hat ien jier duorre en wie nedich om't der hieltyd mear polyklinyske behannelings dien wurde. Ek binne in tal besteande romten net mear fan dizze tiid.

De ôfrûne wiken is troch meiwurkers en oannimmers hurd wurke om de polys nei de nijbou te ferhúzjen en it gebou yn te rjochtsjen. De offisjele iepening is ein july en foar publyk wurdt yn oktober in spesjale iepen dei organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)