Oprop ta boykot kleanwinkel

06 jun 2014 - 17:46

Op twitter wurdt oproppen om kleanwinkel Pierrot út Ljouwert te boykotten. De oprop komt neidat de winkel de swangere Deborah Tienstra wegere hat. It is net de earste kear dat dizze kleanwinkel yn opspraak komt. Earder binne ek al minsken mei lytse bern fuortstjoerd.

Under oare wethâlder Harry van der Molen fynt no dat minsken net mear nei de winkel takomme moatte. De eigenaresse fan Pierrot lit witte dat se tinkt dat der in hetse tsjin de winkel oan de gong is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)