Preemjes foar 120 wurkleazen

'Help Talent' yn aksje tsjin jeugdwurkleazens © Gemeente Ljouwert
De gemeente Ljouwert hat oant no ta goed 120 jongereinvouchers útdield. Dit binne preemjes fan 2500 euro foar bedriuwen dy't in wurkleaze jongere yn tsjinst nimme. De kampanje is yn april úteinsetten en hat as doel de jeugdwurkleazens werom te bringen.
De dielnimmende wurkjouwers moatte de jongeren in kontrakt fan minimaal in healjier biede.