'Ek TranSportium luchtkasteel'

It plan foar it nije iisstadion TranSportium yn Zoetermeer is krekt sa'n grut 'luchtkasteel' as Icedôme yn Almere. Dat seit direkteur Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis op It Hearrenfean. Jonker is al jierren aktyf yn it reedriden en komt takom jier mei in eigen ploech mei Jorrit Bergsma en Jillert Anema as blikfangers.
Jonker leaut net yn it plan fan it 200 miljoen euro kostjende TranSportium. Hy tinkt dat der jierliks 24 miljoen euro út de eksploitaasje komme moat. Dat is noch mear as de 20 miljoen fan Icedôme, sa besiferet Jonker.
Thialf op It Hearrenfean helle yn it ferline in bedrach fan 5 en-in-heal miljoen út de eksploitaasje en sels dat wie al dreech. Jonker ropt KNSB en NOC*NSF op sa gau as mooglik de topsportstatus oan Thialf ta te wizen.