'Gjin betrouwen yn Oranje'

06 jun 2014 - 12:02

Fan alle Nederlanners ha Friezen it minst betrouwen yn it Nederlânsk alvetal. Dat docht bliken út it WK-ûndersyk fan EenVandaag. Mar 26 prosint fan de Fryske panelleden hat betrouwen yn in goede prestaasje fan Oranje. Dêrmei is it betrouwen yn ús provinsje it leechst fan Nederlân. Oan bûnscoach Louis van Gaal sil it neffens de Friezen lykwols net lizze. Goed 64 prosint hat betrouwen yn de trainer.

Ien op de trije Friezen ferwachtet dat Oranje net fierder komt as de achtste finale. Mar trije persint sjocht de manlju mei de wrâldtitel wer nei hûs ta kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)