Blog: Aksje Marne College smyt hast 800 euro op

De aksjes op it Marne College foar it fuotbalteam fan Jeffrey hawwe hast 800 euro opsmiten. Mei dat jild kin it team shirts mei rêchnûmers oanskaffe. It suske fan Jeffrey sit op it Marne College en sy hat mei har klasse de aksje opstarten.
Yn de skoalle binne broadsjes en iisko's ferkocht. Ek hawwe de learlingen in sponsorloop organisearre. ,,We woene € 750,-- ophelle, en dat ha we dik helle", sa seit Lolke Jan Dijkstra fan it Marne College.