'Plestiksop' op Waadeilannen

06 jun 2014 - 11:18

Op ferskate Waadeilannen is de ôfrûne dagen âld plestik oanspield. Under oare op Flylân en Rottumerplaat spielde op it strân in miks fan hûnderten lytse korrels en stikjes oan. It giet net om nij plestik dat fan board smiten is, mar om âld en ferware plestik dat al folle langer yn see leit.

Neffens seebiolooch Jan Andries van Franeker fan ûndersykynstitút Imares is it goed mooglik dat it plestik fan de saneamde plastiksop yn de Stille Oseaan komt. Op it plestik sit ek de saneamde 'eendenmossel', Ecomore docht ûndersyk nei dit bistje.

Omdat dit bistje ornaris allinnich yn waarme gebieten afoarkomt, bestiet it fermoeden dat it út de Stille Oseaan komt. It guod is lestich op te romjen, om't it sa lyts is. Dêrom litte de measte eilannen it lizze. De kust nimt it dan fansels op en it sil dan stadichoan fergean.

Trefwurden: 
Waadeilannen plestiksop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)