Snitster pakt foar oertredings

© Omrop Fryslân
Foar it riden mei falske kentekens, it yn besit hawwen fan harddrugs en it riden sûnder rydbewiis, is tongersdeitejûn op De Jouwer in 33-jierrige man oanhâlden. De man waard troch de plysje kontrolearre op de Scheen. Doe waard it kenteken fan syn snorfyts neilutsen. It die bliken dat it kenteken net by de fyts hearde.
Syn rydbewiis wie al sûnt 2005 net mear jildich. Ek hie de man twa XTC-pillen by him. De man sit fêst op it plysjeburo.