Fryslân klear foar Pinkster

06 jun 2014 - 08:22

Fryslân makket him op foar in drok pinksterwykein. De ferwachting is dat de kempings en hotels foar mear as 90 persint fol sitte sille. Dat is dik 15 persint mear as it ôfrûne jier. Troch it wikseljende waar binne fakânsjehúskes en apparteminten hast allegear ferhierd. Benammen de Fryske marren en de Waadeilannen wurde hieltyd populêrder by bûtenlânske toeristen. Dêrnjonken komme tûzenen minsken nei de fytsalvestêdetocht.

De Fryske rekreaasjesektor ferwachtet ek in goed simmerseizoen no't it tal boekings foar de simmerfakânsje wer tanimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)