Dochs skeelerbaan De Westereen

05 jun 2014 - 21:47
  • Skeelerjen

De Westereen krijt noch dit jier in nije skeelerbaan en in fytsparkoers. De skeelerbaan wurdt 200 meter, in primeur yn Noard-Nederlân. Neffens de gemeente Dantumadiel foldocht de 200 meterbaan oan alle easken fan de KNSB en is de kâns dêrom grut dat der ek wedstriden op organisearre wurde.

Yn 2013 waard in plan foar in skeeler- en fytsfoarsjenning noch op de lange baan skood, om't der gjin jild wie. Dit plan is no tegearre mei sportferienings en doarpsbelang ûntwikkele. Sawol de provinsje as de gemeente betelje 250.000 euro.

De nije banen meitsje diel út fan it sintrumplan foar De Westereen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)