Knooppunten foar kuierders

05 jun 2014 - 20:52

Rekreaasjeskip de Marrekrite sil in saneamd kuierknooppuntnetwurk oanlizze. It giet om in netwurk yn Súdeast Fryslân yn de gemeenten East- en Weststellingwerf, Smellingerlân, Opsterlân en Hearrenfean. It liket wol wat op it besteande fytsknooppuntnetwurk.

Foar de Marrekrite is dit in nij projekt. Sy hawwe noch noait sa'n netwurk oanlein, al beheare sy al wol de fytsknooppunten. De oanlis set yn 2015 útein. Ien en oar kostet sa'n 400.000 euro.

De rûtes moatte earst op papier komme en dêrfoar wurdt gearwurke mei de streek en it rekreaasjeskip Drinte dat aktyf is yn Eaststellingwerf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)