Wer útstel fierljepwedstriid

Ysbrand Galama © awfoto.nl
De fierljepwedstriid foar de earste klasse yn Winsum is tongersdeitejûn wer nij útsteld. De rein makke dat de organisaasje de wedstriid net trochgean litte koe.
In dei earder waard de fierljepwedstriid yn Winsum ek al útsteld. De organisaasje hat al wol in nije datum fêststeld: 16 juny.
Oant no ta koenen dit seizoen noch mar twa fan de fjouwer wedstriden trochgean.