Sineeske merk goed foar HZPC

It iepenstellen fan de Sineeske merk foar Nederlânske minyknollen sil goed útpakke foar it jirpelbedriuw HZPC fan De Jouwer. Neffens direkteur Baks fan HZPC wurdt it hjirtroch mooglik om al op koarte termyn Nederlânske jirpelrassen yn Sina te fermearderjen. Minyknollen wurde brûkt foar it fermearderjen fan jirpelrassen. Dizze wurde dan wer brûkt as poatjirpels foar de jirpelsektor.
Sina is ien fan de grutste jirpelprodusinten fan de wrâld. Nederlân is nei Skotlân it twadde Europeeske lân dat tagong krijt ta de Sineeske merk.