Hiel It Fean praat oer Icedôme
De ferbouwerij by Thialf is noch net begongen, mar op It Hearrenfean praat elkenien oer it nijs dat Icedôme yn Almere net de topsportstatus krijt. Minsken tinke dat Thialf no wer alle kâns hat om dy status wol te krijen. Allinnich it TranSportium yn Zoetermeer is noch in konkurrint. Yn kafee It Houtsje prate de besikers oer neat oars.